Alvestêderoeimaraton fan start

03 jun 2011 - 20:55
  • Drokte foar de start (foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân)

De 26ste alvestêderoeimaraton is freedtejûn út ein set yn Ljouwert tsjinoer de Prinsetún. Dit jier docht in rekôrtal ploegen mei. Fan de 103 komme ek noch aardich wat út it bûtenlân. Sa binne der tolve ploegen út Dútslân.

De ploegen hawwe allegearre 24 oeren om de 207 kilometer te roeien. It giet om in estafettewedstriid, dus de dielnimmers hoege elk mar in part fan de rûte te roeien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)