Tredde goud Manon Kamminga

03 jun 2011 - 18:23
  • Manon Kamminga (foto: KNSB)

Manon Kamminga fan Haulerwyk hat foar de tredde kear in gouden medalje pakt op it Nederlânsk kampioenskip skeelerjen op de baan. Nei goud op de 300 meter en op de ôffalkoers pakte se freed yn Heerde de winst op de 1000 meter. Kamminga bleau Bianca Roosenboom en âld-Haulster Elma de Vries foar.

Crispijn Ariëns út Wolvegea pakte by de manlju de oerwinning op de kilometer. Ariëns einige foar titelfavoryt Michel Mulder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)