Frou ferdronken yn Ljouwert

Yn it Van Harinxmakanaal by de Ljouwerter wyk Aldlân is freedtemiddei in frou ferdronken. Om wa't it giet is noch net bekend, de plysje siket dat noch út. De frou is nei alle gedachten net goed wurden en mei har scootmobyl it wetter yn riden. Mooglik hat se ek in ûngelok hân, ek dêr wurdt noch ûndersyk nei dien.
It lichem fan de frou is oantroffen troch wettersporters en yntusken út it wetter helle, dat jildt ek foar de scootmobyl.