Jans bliuwt, Libregts fuort

03 jun 2011 - 15:03

Ron Jans bliuwt oan as haadtrainer by Sportklup Hearrenfean en syn assistint Raymond Libregts ferlit de klup. Dat is de konklúzje nei de petearen dy't de direksje en de technyske stêf fierd ha. Henk Herder folget Libregts op as assistint-trainer. Jeffrey Talan, Tieme Klompe en keeperstrainer Albert van der Sleen bliuwe ek by it earste alvetal belutsen.

De ôfrûne wike fierden direksje en Jans petearen oer de takomst en mei as resultaat dat Jans haadtrainer bliuwt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)