Drachtster mishannelet frou

03 jun 2011 - 11:17

In 19-jierrige ynwenner fan Drachten is troch de plysje oanhâlden yn ferbân mei swiere mishanneling. De man soe woansdeitenacht yn in hoarekasaak op de Noardkade yn Drachten in 18-jierrige frou tsjin de holle slein ha. Doe't er dat dien hie naaide er út.

It slachtoffer moast foar behanneling nei it sikehûs. Dêr die bliken dat har eachkas brutsen wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)