Feanster fjochtersbaas oppakt

03 jun 2011 - 11:12

In 26-jierrige ynwenner fan it Hearrenfean is tongersdeitenacht yn syn wenplak oppakt fanwege fersteuring fan de iepenbiere oarder. De man wie in kroech oan de Vleesmarkt útset, omdat er him dêr ferfelend gedroech. Ien kear bûten begûn er te fjochtsjen mei de befeiliging.

De ynskeakele plysje hat de man meinaam nei it buro en him dêr fêstset.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)