Man mei pillen oanhâlden
De plysje hat tongersdeitemiddei in 31 jierrige ynwenner fan Ljouwert oanhâlden omdat hy harddrugs by him hie. De man woe it feestterrein op it Aldehoustertsjerkhôf op. Dêr waard hy fûilleerd troch de befeiliging. Dy fûnen goed 35 pillen. Nei alle gedachten giet it om XTC.
De pillen binne yn beslach naam. De man is foar ferhoar fêstsetten op it plysjeburo.