Sint Anne wint yn Dronryp

© Omrop Fryslân
It ôfdielingspartoer fan Sint Anne mei Riska Hazenberg, Lisette Wagenaar en Romy van der Veen hat tongersdei de ôfdielingspartij yn Dronryp wûn. De froulju wiene mei 5-4 en 6-6 te sterk foar it partoer fan Boalsert mei Géjanne Dijkstra, Feikje Bouwhuis en Fenna Zeinstra.
Yn Dronryp stiene der 21 partoer op de list. Dat is justjes mear as ferline jier, mar net de goed tritich partoer dy't eartiids oan it ôfdielingskeatsen meidiene.