Peaskefjurren no oanstutsen

02 jun 2011 - 17:07
  • Foto: Omrop Fryslân

Nettsjinsteande de oanhâldende droechte wurde op Himelfeartsdei en op freed 21 houtbulten yn 'e brân stutsen yn de gemeente Skarsterlân. Op in soad plakken leit noch hout om't de Peaskefjoeren dit jier ferbean waarden en trochskood nei Pinkster.

Mar dan wurdt wer in droege perioade ferwachte. Dêrom hat de gemeente bepaald dat de bulten no yn flammen opgean kinne. Allinnich minsken mei in fergunning meie de peaskebulten opstoke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)