Snits WS wint hanthavingsduel

02 jun 2011 - 16:31

Fuotbalhaadklasser Snits Wyt-Swart hat tongersdei tsjin Achilles '12 in goede stap set om ek takom jier yn de sneinshaadklasse te bliuwen. Op sportpark Tinga waard tsjinstanner Achilles '12 út Hengelo mei 2-0 ferslein. Snein ferdigenet de ploech fan trainer Johan Groote de foarsprong. As dat slagget, is liifsbehâld in feit.

Snits WS wie de bettere ploech en skoarde troch Ramon Giró Batalla en Klaas Schotanus.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)