Fermiste studinte yn mar fûn

02 jun 2011 - 15:50
  • Foto: Omrop Fryslân

It stoflik omskot dat tongersdei yn de Sleattemer Mar by Sleat fûn is, is fan de fermiste Afgaanske studinte út Arnhim. Dat hat de plysje befestige. De frou sloech ferline wike tongersdei by in syltocht mei stúdzjegenoaten en in skipper oerboard.

In wettersporter fûn it lichem tongersdeitemoarn by it strantsje fan Sleat. De brânwacht hat it stoflik omskot burgen. De famylje fan de frou hat har dêrnei identifisearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)