Motor oer de kop: swierferwûne

02 jun 2011 - 15:14

In motorrider is woansdeitejûn slim ferwûne rekke by in ûngelok op de Ofslútdyk. It giet om in man fan 22 jier út 't Zand yn Noard-Hollân. Troch noch ûnbekende oarsaak sloech er by Koarnwertersân mei de motor oer de kop.

It slachtoffer is mei swiere ferwûnings oan it gesicht en de skonken nei it sikehûs fan Snits brocht. De plysje docht technysk ûndersyk nei de motor.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)