Noch gjin ferbod op bereinen

02 jun 2011 - 13:47

Wetterskip Fryslân hâldt der rekken mei dat der begjin nije wike in ferbod komt op bereining fan lânbougrûn. No jildt it bereiningsferbod noch net yn Fryslân. Yn acht wetterskippen yn Nederlân is sa'n ferbod al wol ynfierd. Steatssekretaris Atsma hat dat tongersdei besletten.

De lânbou moat wetter sproeie tsjin de grutte droechte. Sûnt begjin maart is der net folle reinwetter mear fallen. Fan de Iselmar komt ek hieltyd minder wetter, neffens Wetterskip Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)