Bedrige poddestoel weromfûn

02 jun 2011 - 08:24

It earnstich bedrige poddestuoltsje it heechfeanmosklokje is yn Fryslân weromfûn. It blykt te groeien yn in stik reidlân lâns de Linde by Wolvegea. Tweintich jier lyn is it poddestuoltsje ferdwûn út Fryslân.

De Nederlânske Mycologische Vereniging is út de skroeven oer de fynst. Neffens de feriening komt it fan it soarchfâldige behear troch it Fryske Gea dat bysûndere poddestuollesoarten weromkomme yn de Lindevallei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)