Ljouwert: gebou Parnas ticht

01 jun 2011 - 22:35

De gemeente Ljouwert hâldt fêst oan it plan om it gebou fan keunstesintrum Parnas te sluten. De gemeente wol besunigje op it djoere ûnderkommen fan Parnas. Ljouwert wol Parnas helpe mei it sykjen nei in nij gebou. Dat moat goedkeaper en better berikber wêze.

De gemeente hat gjin jild foar de eksploitaasje. Dat moat Parnas sels dwaan. Tsjin de plannen om te besunigjen op de kultuer yn Ljouwert binne 30 beswieren yntsjinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)