Suterige ljepperij De Jouwer

01 jun 2011 - 22:10

In protte wietsprongen en gjin fiere ôfstannen, dat wie woansdeitejûn it resultaat fan it fierljeppen op 'e Jouwer. De ynhelwedstriid fan sneon waard by de topklassers wûn troch Bart Helmholt mei 18.80 meter. Syn broer Thomas waard twadde mei 17.39. By de junioaren wie de winst foar Age Hulder mei 17.20 en by de froulju wûn Hiske Galama mei 14.40.

Sytse Bokma wie de positive útsjitter fan de jûn. Hy wûn by de jonges mei in persoanlik rekôr fan 16.79.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)