Opnamen Dokter Deen op Flylân

De opnamen foar de televyzjesearje oer Dokter Deen fan Flylân begjinne op 6 juny. De hiele wike is Flylân it dekôr fan de opnamen. Ferskate diken sille ûnder it opnimmen fan de sênes ôfsletten wêze. De searje is basearre op kollums fan de pensjonearre húsdokter John Deen, dy't ek biste- en toskedokter wie.
It inisjatyf komt fan akteur en skriuwer Edwin de Vries. Syn frou Monique van de Ven spilet de haadrol. De searje is te sjen by omrop Max.