Platfoarm ynsekteleafhawwers

It nije flonder (foto: Omrop Fryslân)
By Aldeberkeap is woansdei it earste libelleplatfoarm fan Fryslân iepene. It platfoarm mei in oerflakte fan goed 16 kante meter leit midden yn de Catspoel by it doarp. It moat brûkt wurde troch ynsekteleafhawwers.
Dy kinne no tige tichtby de libellen komme. En dan giet it yn it bysûnder om de Eastlike Wytsnútlibelle, dy't yn Nederlân allinnich mar yn dizze poel foarkomt. It stalt hat yn totaal 25 tûzen euro koste en is foar in grut part betelle troch donaasjes.