Omrop krijt 100 simmerhits

01 jun 2011 - 16:25
  • Beand en Skep út Drachten
  • Sa'n hûndert bands en solisten stjoerden in ferske nei de Omrop

Seis wiken lang is Omrop Fryslân op syk nei de simmerhit fan 2011. Oant 20 maaie koene bands en sjongers har melde. In lytse hûndert ha dat dien.

In sjuery bûgde him oer de ynstjoerings en keas seis finalisten út. Sy trede fan 10 juny oant 16 july op yn Noardewyn live en yn Simmer yn Fryslân TV. De seis finalisten binne Sake Hylkema en de Howdy Boys, Wille mei Simmerfeel, Rienk Hacquebord. Beand en Skep, Skraal en Ria Kamminga, Dirk Metzlar en Rainier Ypma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)