Besunigings yn Smellingerlân

01 jun 2011 - 15:19

Smellingerlân sil 1,6 miljoen euro besunigje yn de perioade fan 2012 oant 2014. Dat stiet yn de pespektyfnota. Der wurdt 100.000 euro besunige op sport, 60.000 op de biblioteek en 50.000 op kulturele eveneminten. Fierder is der minder jild foar de Wmo, it sosjaal kultureel wurk en it ûnderhâld fan diken.

Yn it kolleezjeprogram is earder ôfpraat dat struktureel 4 miljoen euro besunige wurdt. De earste besuniging fan 2,4 miljoen is al realisearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)