Fúzje Friesland-Achmea tastien

01 jun 2011 - 11:50

De fúzje tusken soarchfersekerder De Friesland en Achmea kin trochgean. De Nederlandse Mededingingsautoriteit, NMa, hat dêr grienljocht foar jûn. Achmea is de grutste fersekerder fan ús lân. De Friesland hâldt de kommende fiif jier syn autonomy binnen Achmea.

Neffens in wurdfierder fan De Friesland wie de fusy nedich om oerein te bliuwen. Selsstannich hie de Fryske soarchfersekerder it de kommende jierren dreech krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)