Wer petear Ron Jans - direksje

Ron Jans
Woansdei is der opnij in petear tusken de direksje fan SC Hearrenfean en trainer Ron Jans. It petear is op in geheime lokaasje om yn alle rêst prate te kinnen. Tiisdei praten de twa ek al mei-elkoar.
Neffens de direksje fan Hearrenfean gie it om in gebrûklik petear dat oan de ein fan it seizoen altyd mei de trainer en de spilers hâlden wurdt. Beide partijen seine nei ôfrin dat it in goed petear wie, mar der fierder neat oer sizze te wollen.