Mishanneling mei bierfleske
In 24-jierrige man fan De Jouwer hat tiisdei in 29-jierrige man út datselde plak slim mishannele. De twa krigen spul mei elkoar en de fertochte sloech de oare man doe mei in bierfleske tsjin de holle. Hy stuts him dêrnei ek noch mei de stikkene flesse yn de holle.
De Jouster is meinaam nei it buro en dêr fêstset. It slachtoffer is troch in dokter oan syn ferwûnings behannele.