Drok himelfeartswykein

It moaie waar lûkt it kommende himelfeartswykein in soad toeristen nei Fryslân. Dat seit promoasje-organisaasje Fryslân Marketing. Op de waadeilannen is 85 oant 90 persint fan alle campings, fakânsjehúskes en hotels beset. De VVV's krije boppedat in soad last-minute oanfragen.
In soad wettersportbedriuwen ha gjin boat mear frij. It binne foaral Dútsers dy't Fryslân wer witte te finen. Mar ek Nederlanners fan bûten Fryslân komme hjirhinne.