Huizenga tiidritkampioen

31 maaie 2011 - 23:42
  • Jenning Huizenga

Jenning Huizenga is yn it Drintske Zuidwolde tiidritkampioen wurden fan it distrikt Noard by de elite hurdfytsers. De Frjentsjerter bleau ploechmaat René Hooghiemster fan Drachten nei 17,5 kilometer rom foar. Ek it tredde pak wie foar in Fries: Jord Veslinga fan Makkum.

By de beloften gong de winst nei Roy Eefting fan Grolloo, foar Elmar Reinders út Emmen. Der wie in tredde plak foar Niek Hooghiemster fan Oentsjerk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)