Rûnwei Bûtenpost klear

© Omrop Fryslân
Undernimmers yn Bûtenpost ha mingde gefoelens by de nije rûnwei om it doarp hinne. Dat die bliken by de iepening fan de rûnwei. Troch de oanlis ride der minder auto's troch it sintrum. Dit is wol in stik feiliger, mar it betsjut ek minder klanten foar de winkeliers.
Troch it wurk oan de diken wie de omset by guon ûndernimmers al mei 30 prosint weromgong. De ferwachting is dat it lang duorje sil foardat dy skea wer ynhelle is.