Gjin meidielings oer Ron Jans

31 maaie 2011 - 17:15

De direksje fan SC Hearrenfean docht gjin meidielings oer it petear mei trainer Ron Jans. Beide partijen ha tiisdei praat. Neffens direksjefoarsitter Robert Veenstra gie it om in petear dat alle jierren mei de spilers en trainers hâlden wurdt. Neffens him is der gjin nijs oer de posysje fan Ron Jans.

Op de klup komt fan ferskate kanten krityk, fanwege de minne resultaten fan SC Hearrenfean fan it ôfrûne seizoen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)