'Baktearje ramp foar kwekers'

31 maaie 2011 - 16:11

De EHEC-baktearje is in ramp foar komkommerkwekers yn Nederlân. Dat seit Willem Hartman fan Seisbierrum, de grutste leveransier. De helte fan alle komkommers dy't yn Nederlân iten wurde, komme fan Hartman. Hy leveret oan alle Albert Heijn-winkels.

Yn Dútslân binne 14 minsken stoarn troch de baktearje, mooglik feroarsake troch it iten fan komkommers. Salang't dat ûndúdlik is, leit de eksport nei Dútslân stil. Dat is in ferlies fan 10 miljoen euro deis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)