Besite fan Máxima oan Oerterp

31 maaie 2011 - 11:22

Prinsesse Máxima hat tiisdei yn Oerterp west. Se brocht tiisdei in besite oan it doarp om de fyftichste dielorganisaasje fan Stichting Present te iepenjen. Present keppelt frijwilligers oan minsken dy't help brûke kinne. Prinsesse Máxima is beskermfrou fan it Oranjefûns. Present makket dêr diel fan út.

Skoalbern bakten pankoeken foar de bewenners fan it fersoargingshûs. Máxima holp mei it útdielen fan de pankoeken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)