Grutte boekebeurs yn Ljouwert

Yn it WTC Expo yn Ljouwert wurdt in grutte boekebeurs hâlden. De beurs is fan 16 oant en mei 19 juny. It wurdt foar it earst dien en der komme in miljoen nije boeken te lizzen.
De boeken binne yn it Nederlânsk en Ingelsk. Neist romans binne der ek itensieders-, stúdzje- en berneboeken te finen op de beurs. De organisaasje is yn hannen fan de Centrale Boekhandel. De tagong is fergees.