Taname fan komasûpers

Mear jongeren drinke safolle dat se yn koma reitsje. It tal gefallen fan komasûpers is it ôfrûne jier yn Fryslân mei tritich prosint tanaam. Dat docht bliken út sifers fan de alkoholpoly yn Ljouwert.
De groei sit foaral yn de groep jongeren tusken de 15 en de 18 jier. It komasûpen troch bern fan tusken de 12 en de 14 nimt ôf. Lanlik is it tal gefallen fan alkoholfergiftiging by jongeren tanaam mei 37 prosint.