Lasaulec nije haadsponsor Aris

31 maaie 2011 - 09:19
  • Aris hat in nije sponsor en sil dan ek wol in nij logo krije

De basketballers fan Aris hawwe foar de kommende trije jier in nije haadsponsor. Gruthannel Lasaulec hat in kontrakt foar de kommende jierren tekene, mei in opsje foar noch in perioade.

De ôfrûne jierren wie De Friesland haadsponsor fan de basketballers. Troch de oerienkomst mei Lasaulec is it foartbestean fan de klup garandearre. Yn de begrutting fan Aris sil nei alle gedachten net in protte feroarje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)