Ofskied fan twa senatoaren

31 maaie 2011 - 08:16

De Earste Keamer nimt tiisdei ôfskied fan twa Fryske senatoaren. It giet om Hindrik ten Hoeve fan de Unôfhinklike Senaatsfraksje en om CDA'er Geart Benedictus. Ferline wike moandei wiene de ferkiezings, takom wike tiisdei wurde de nije leden ynstallearre.

Hindrik ten Hoeve siet sûnt 2003 yn de Earste Keamer, Geart Benedictus sûnt 2009. Benedictus fynt it spitich dat er de Earste Keamer ferlitte moat, Ten Hoeve sjocht werom op acht moaie jierren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)