Haga nije fraksjefoarsitter CU

Anja Haga
Anja Haga is de nije fraksjefoarsitter fan de ChristenUnie Fryslân. Dat waard moandeitejûn bekend op in fraksjegearkomste fan de partij. Se folget âld-deputearre en fraksjefoarsitter Piet Adema op.
Adema leit de funksje del yn ferbân mei syn nije baan as waarnimmend boargemaster yn Achtkarspelen. Neffens Adema binne de funksjes fan boargemaster en steatelid net te kombinearjen. Anja Haga is al in pear jier lid fan de steaten.