Tiger botst op sânsûger

Ien fan snelboaten fan rederij Doeksen de ms Tiger is moandeitejûn op in sânsûger botst. Troch in technyske steuring kaam it skip by it yndraaien fan de Blauwe Slenk yn de problemen. De bemanning koe op tiid yngripe, mar in botsing wie net mear foar te kommen.
De skea is lykwols beheind bleaun. Nei in koarte ynspeksje koe de snelboat wer fierder nei Skylge. It liket der op dat de boat allinnich mar in pear krassen oprûn hat.