Drokte by Revalidaasje Fryslân

In boartersmuorre by Revalidaasje Fryslân
It personiel fan Revalidaasje Fryslân krijt it hieltyd drokker. De soarchorganisaasje hat noch net earder safolle pasjinten behannele as ferline jier. Der komme foaral hieltyd mear polykliniske pasjinten.
Yn 2010 binne sa'n 3.500 polyklinyske pasjinten behannele en dat is in taname fan 18 prosint. De grutte groei komt trochdat de minsken hieltyd âlder wurde en troch de fergrizing.