Marco Florijn nei Rotterdam

30 maaie 2011 - 20:17

Marco Florijn leit syn funksje as wethâlder fan de gemeente Ljouwert del. Sa liet hy fia in parseberjocht witte. Florijn sil nei Rotterdam om dêr PvdA wethâlder Dominic Schrijer op te folgjen dy't krektlyn opstapt is.

Florijn hat fiif jier wethâlder fan de gemeente Ljouwert west. Hy hat him yn dy tiid benammen dwaande hâlden mei sosjale saken. Yn Rotterdam krijt Florijn ek dizze portefúlje. Hy wurdt 9 juny foardroegen. De PvdA wie unanym yn de kar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)