Kresj hâldt seehûnetochten

30 maaie 2011 - 17:13

De seehûnekresj yn Pieterburen set útein mei seehûnetochten. De kresj sil yn gearwurking mei it bedriuw Lauwersoog Water Events ferskate boattochten op de Waadsee organisearje. It is de bedoeling dat dy tochten de bisten sa min mooglik fersteure.

De seehûnekresj hopet mei de nije bedriuwstûke ekstra besikers en ekstra ynkomsten te krijen. It is de bedoeling dat de tochten fan de seehûnekresj goed trije oeren duorje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)