Skrassen pgb grutte ramp

It skrassen fan it persoansbûne budzjet yn de soarch is in grutte ramp. Dat seit Zorgbelang Fryslân, de belange-organisaasje foar Fryske pasjinten. Moandei waard bekend dat it kabinet fan doel is 90 persint fan de persoansbûne budzjetten te skrassen.
Allinnich al yn Fryslân soene mear as tûzen minsken har budzjet kwytreitsje. Dat betsjut dat se net langer har eigen soarchpakket gearstalle kinne en oanwiisd binne op de reguliere soarch.