Froubuorster omkommen

De plysje oan it dreggen (foto: Robertjan Boonstra)
In 67-jierrige frou út Froubuorren is dit wykein om it libben kaam yn har wenplak. De frou waard moandei fûn yn in sleat yn it doarp. Se is nei alle gedachten by de hege wâl delfallen en yn it wetter bedarre.
De plysje tinkt net dat it om in misdriuw giet. Ek liket it der net op dat de frou net goed wurden is. Der sil noch fierder ûndersyk dien wurde nei it ûngelok.