Nasjonaal Park bestiet 5 jier

Nasjonaal Park de Alde Feanen hat dit wykein syn 5-jierrich bestean fierd. Yn 2006 hat it natuergebiet de status Nasjonaal Park krige en dat hat neffens it Fryske Gea in soad foardielen opsmiten.
De ôfrûne jierren is in soad oan it gebiet dien. Sa is der in besikerssintrum kaam, wurde tal fan edukative aktiviteiten organissearre en boppedat is der in soad rekraasje yn en om it gebiet hinne.