65e HT-sylrace úteinset

30 maaie 2011 - 11:14

Foar de 65e kear is moandei de HT-sylrace úteinset. 125 skippen dogge der dit jier oan mei. Dat binne flink minder as ferline jier, doe't der noch 160 skippen oan de start ferskynden. Omdat it de 65e kear is en omdat it waar meiwurket, sile alle skippen dit jier in langere rûte. Moandei giet dy rûte fan Harns nei Skylge, tiisdei farre de skippen dan werom.

Kommend wykein is der wer in HT-race, it giet dan om de sloepen dy't fan Harns nei Skylge en werom farre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)