Beverspoaren yn Alde Feanen

30 maaie 2011 - 10:46

Yn Nasjonaal Park de Alde Feanen binne spoaren fan in bever fûn. It giet ûndermear om ôfknage tûken by it Prinses Margriet-kanaal del, tusken it baggerdepot en de Dwinger. In muskusrottefanger seach it. Ek djipper yn it sompegebiet binne spoaren fûn wêrûnder in plak dêr't it bist dúdlik langer ferbleaun is.

It Fryske Gea is tige bliid mei it nijs. Neffens de natuerorganisaasje is it sompegebiet geskikt foar ien of mear bevers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)