Man mei nepwapen fêstset

30 maaie 2011 - 10:18

De plysje hat sneintenacht yn Ljouwert in 20-jierrige ynwenner fan dy stêd oanhâlden op fertinking fan ferbean wapenbesit. In foarbygonger melde by de plysje dat de man in wapen by him hie. Dat wie op de Troelstrawei.

Doe't de man letter oanhâlden waard die bliken dat it om in nepwapen gie. De man is fêstset foar ferhoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)