Hantekens foar boartersfjild

Goed 700 skoalbern út Burgum hawwe moandei hantekens oanbean oan wethâlder Fokkema fan Tytsjerksteradiel. De hantekens binne sammele troch âlders fan skoalbern en personiel fan de basisskoallen Partoer en De Arke en berne-opfang Kinderwoud.
Doel fan de aksje is om foar te kommen dat it boartersfjild dat tusken de skoallen leit, ferdwynt. De skoalmienskippen Liudger en Singelland wolle op it terrein in gebou delsette foar it HAVO-Top-ûnderwiis yn Burgum.