Frysk Strjitfestival slagge

De organisaasje fan it Frysk Strjitfestival sjocht tefreden werom op it festival fan ôfrûne wykein. It waar siet de organisaasje net mei, mar toch kamen der neffens de organisaasje freed, sneon en snein yn totaal sa'n 75.000 minsken nei de binnenstêd fan Ljouwert.
De plysje hie it sels oer 85.000 minsken. Der waarden sa'n 300 foarstellings jûn op 47 lokaasjes.