Weening twadde yn Ronostrân

29 maaie 2011 - 20:23

Andries Weening is snein twadde wurden yn de Ronde rûn it Ronostrân. Yn dizze wedstriid dy't meiteld foar de klupkompetysje kaam Marien Wallink út Zwolle as earste oer de einstreek. Harkemaster Weening moast yn Roden twa sekonden tajaan. Peter Möhlmann wûn wer fjouwer tellen letter de sprint fan in groepke fan sân.

Niek Hooghiemster is snein sechsde wurden yn de Kerseronde fan Mierlo. De sprint fan in groep fan acht waard wûn troch Gert-Jan Bosman út Emmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)