Frjentsjer wint yn Kimswert

© Omrop Fryslân
Frjentsjer hat snein yn Kimswert de ôfdielingspartij foar froujluskeatsers wûn. It partoer mei Rianne Vellinga, Maaike Osinga en Manon Scheepstra wie yn in spannende finale mei 5-5 en 6-2 te sterk foar Sint Anne mei Riska Hazenberg, Lisette Wagenaar en Romy van der Veen. Yn Kimswert diene 16 partoer mei.
Foar Frjentsjerter Maaike Osinga wie it in top wykein, sy wûn sneon ek al de frije formaasje wedstriid yn Grou.