Snits WS no tsjin Achilles'12

29 maaie 2011 - 17:03

Fuotbalhaadklasser Snits Wyt Swart hat snein ek it twadde duel tsjin Germania wûn. It waard 2-1 en dêrmei moat de ploech fan trainer Johan Groote noch yn in twalûk mei Achilles '12 út Hengelo útmeitsje wa't takom jier yn de haadklasse spylje mei. Tongerdei is de earste wedstriid, thús yn Snits.

Ferline wike setten de Snitsers tsjin Germania al in flinke stap troch mei 5-1 te winnen. Snein skoarden Thijs Goes en Kevin Huitema.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)