Kajakkers fan wetter helle
Op de Hegemermar by de Gaastmer binne sneintemiddei fjouwer kajakkers yn problemen kaam. Se rekken oan leger wâl en koene net mear fuortkomme.
Trije binne troch de brânwacht út it wetter helle. Nei ien persoan is in skoftke socht. De brânwacht hat ek dy persoan út it wetter helje kinnen. Gjin ien is ferwûne of ûnderkuolle rekke.